mei 13, 2018
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Hoe lang kin men de kjeld wjerstean,
hoe hiel de trochfeart farre?
Inkeld yn de dikste klean,
him is de dea besparre.
Amundson, man fan aventoer
en ek noch fan prinsipe,
foer de oseanen oer,
hat dêrmei trochfeart stipe.
De Baffinbaai wie it begjin
en fierder troch ’t noardwesten
nei Alaska, nei ferrin
fan tiid koe hy him teste…
… mei hûneslide en op skys
om oan de wrâld te melden
dat er fêstsiet yn it iis…
se giene troch foar helden.
Nei trije jier wie ’t doel berikt:
’t bewiis om troch te farren,
de Noarpoal wie ek prikt,
dêr’t hy dy reis bedarre.
* Foto ‘Roald Amundson’
** Foto ‘De Gjoa, it skip fan Amundson’
mei 12, 2018
fan William Hole*
Ik wol ’t wol earlik witte,
fan ’e moarn wie ik der glêd mei oan,
dat sis ik lykwols net lûdop,
want oars ferlies ik myn gesicht…
in Joad moat nea ’t gesach ferjitte.
Se brochten my in preker,
seine: ’t wie in kening sûnder kroan,
teminsten, sa wie harren rop,
ik frege ’t him, dat wie myn plicht,
mar hy sei neat, fan spanning seker.
Ik siet mei him opskipe
oant ik hearde: ‘Galiléa,
dêr is hy mei ’t gepreek begûn!’
Herodes, tocht ik, ’t is syn gea,
miskien hat hy it swurd al slipe.
Soe ik der dan mei sitte?
Hy moast nei myn kollega ta.
* William Hole (1846-1917)
Skilderij ‘Jezus foar Pilatus’