mei 17, 2018
fan William Turner*
Mei de eachopslach nei de bedelte
sjocht men Leeds, in stêd fan leed
foar wa’t lang skreppe moat
en opgong foar de riken
yn in tiid ‘fan hâld se koart’…
der binne wurkers by de fleet.
Lit de skoarstiens nei de himel stekke,
want dêr stiet de measte wyn;
de kapitale geast
rikt heger as de tuorren…
jout de Heare net it meast
oan eigners, rjocht de hichte yn?
Sjoch de sjouwer lykas Adam switten,
boetsje moat er foar it kwea
dat weaget as in stien;
syn opgong bliuwt no stykjen
by de muorre, foar him ien
tel rêst, oars hellet er it nea.
* William Turner (1775-1851)
Akwarel ‘Leeds’
mei 16, 2018
fan Miguel Cabrera*
Fansels wie ’k yn Jeruzalem
om ’t feest wer mei te meitsjen,
net dat ik sa leauwich bin,
mar ’k mei graach op ’e hichte reitsje.
Pilatus wie der glêd mei oan,
sa kriich ik moarns te hearren,
middeis brocht er my de rom
fan Nazaret, alhiel mislearre.
Earst reagearre ik optein,
de hoop wie op in wûnder,
dy’t ferfleach doe’t hy neat sei…
wat wie oan him dan noch bysûnder?
Wat bleau der dan foar my noch oer?
Oars neat as him bespotte
mei in mantel fan in oar,
myn liifwacht brocht sabeare skatten.
Wy koene earst net troch ien doar,
Pilatus woe net prate,
sûnt dy Jezus waard it oars,
wy wiene letter bêste maten.
* Miguel Cabrera (1695-1768)
Skilderij ‘Jezus foar Herodes’