mei 19, 2018
fan Rembrandt*
Ik kin it no wol sizze:
’k hie de smoar op myn kollega yn
dat hy alhiel gjin útspraak die,
Herodes draait mei elke wyn,
hâldt oer de dieders gjin berie,
ek net oer dizze.
Mar ik moast my beriede
oer de skuld fan him út Nazaret,
dy’t neffens my ûnskuldich wie;
ek nei har wet… dat wit ik net,
de Joaden raasden, gjin berie
mear oer syn dieden.
Ik koe net oars, wol trije
kear ha ik it rjocht nei foaren brocht
en ek wat Barabbas dien hie,
de Joaden ha der oars oer tocht
en wiene daliks út ’e rie:
oan ’t krús en lije!
* Rembrandt (1606-1669)
Tekening ‘Kristus sjen litten oan it folk’
mei 18, 2018
fan Jacob Jordaens*
In bern wurdt grut troch heit en mem,
mar net de jonge Aktaion,
hy liet him tusken harten sjen
en learde sjitten fan Cheiron.
Gjin jager wie oan him gelyk,
hy smiet de spear en skeat nea mis,
wie eigenwiis: ‘Sjoch wat ik kin!’
Dat stiek goadinne Artemis.
Hy jage mei it iene each
op Artemis, dy’t baaide bleat,
har wylde spatten rekken him,
doe gie it op ’e kop ferkeard.
Syn lea feroaren yn in hart,
gjin hûn werkende Aktaion,
hy soe syn hûnen nea wer sjen…
in byld kriich hy doe fan Cheiron.
* Jacob Jordaens (1593-1678)
Skilderij ‘Aktaion en Artemis’