Willem Tjerkstra’s thússide
admin

As offisier

Bibelbylden

fan Pieter lastman



As offisier hie ik de lieding,
soarge dus dat alles goed ferrûn
mei balken, spikers en de hammer,
trije krusen stieken yn de grûn,
op ôfstân mei de krekte sprieding.

Neat mei der einliks tuskenkomme,
tafal slútst as offisier dus út,
ik bin noch nea yn ’t amt beskamme,
nim korrekt op tiid in goed beslút…
slaan foar mysels net op ’e tromme.

Nei hjoed alhiel net, midden op ’e
dei hie ik it net mear yn de hân,
it fielde lykas wie ’k ferlamme,
want de neare nacht loek oer it lân,
fan boppen hearde ik him roppen:

‘Heit, myn geast betrou ik yn Jo hannen!’
Ik fielde my foar ’t earst beskamme.

* Pieter Lastman (1583-1633)
Skilderij ‘De krusiging’

admin

Amphitryon en Alkmene

Mytebylden

fan ûnbekend*

Se wiene foar elkoar bestimd:
Amphitryon en syn Alkmene,
mar net earder as de saak
folbrocht wie om har broers te wreken,
it hearde by syn trouwe taak.

Elk wit fan Zeus: hy jout en nimt,
hy naam foar eigen nocht Alkmene
as wie hy Amphitryon,
sa naam hy beide wreed geweken,
it rûn foar ’t houlik op ’e non.

Teiresias, yn ’t lân bekend
as fiere sjenner, brocht fersoening,
mar de berte weage swier,
in twaling waard fan tiid it teken:
de iene let, de oare ier.

Dat Herakles wie net bestimd
foar kening troch fertrage berte,
nettsjinsteande soan fan Zeus…
wa koe him op dy godheid wreke,
gjin mins komt op ’e wrâld as reus.

* Yllustraasje ‘Amphitryon en Alkmene’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum