juni 25, 2018
Under ’t rinnen hie ’k him heard,
in rop dy’t skriemend oerkaam,
mar sjen koe ik him net,
syn lûd skeat út it lange gers,
sels bleau er op it mêd…
fan fûgellûden by de les.
Jong hie hy it roppen leard,
want letter die ’t fertuten
as hollen op ’e dyk
de hichte sochten om te sjen
nei ’t lange gers, wat neat
te krijen hie mei wylpebern.
Stilsteand waard ik him gewaar,
de kromme snaffel iepen,
in needrop oan syn frou,
dy’t op tsien meter fan him stie,
ferstive troch ’t gefaar
dat ik foar ’t spantsje wylpen wie.
juni 24, 2018
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Ferbjustering want San Francisco
like harren stêd net mear,
se wiene út ’e sliep wei skodde,
dûbel seagen se de ommekear.
De ierdebrek fan San Andreas
wisten stedsjers amper fan,
dy lei foar har gefoel bedobbe,
boppe wie foar Jan en alleman.
It skodde op ’e skaal fan Richter
heger as it sifer acht,
de himel hat de ramp net stoppe,
liet dy deis de djipte oan de macht.
De stêd feroare yn in púnheap,
heechop lôge oeral fjoer,
dat wat de stedsjers dreech bebodde
hiene, gie yn reek en jiske oer.
Om’t muorren op ’e strjitte leine,
griepen plonderers rap ta,
de kûgel hat de misdie stoppe,
trof, sa’t letter sein waard, inkeld twa.
It leger rûn troch San Francisco,
helpers stiene foar elk klear,
de deaden koe gjinien beroppe,
nettsjinsteande dat kaam wer de kear.
* Foto ‘Nei de ramp sjen’
** Foto ‘Nei de ierdskodding’