Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Skoft foar skôgjen

Keunst

fan Max Liebermann*



De jûntiid kleuret al de loft,
dochs bliuwt er efkes stean
en skôget oer it hjerstich gea,
sa hâldt er efkes skoft.

Yn ’t skoft dronk hy it kantsje leech,
behimmele syn brea,
moast doe wer oan de skeppe stean,
sa troch de dei wie dreech.

De rêch hat it net langer swier,
wol is de skonk him stiif
troch hieltyd traapje yn de grûn,
hy kaam hjoed nochal fier.

Sa skôget er de dei bylâns
en nei de moaie jûn,
hy fielt him thús, dit is syn gea,
it jout syn libben glâns.

De fierte ropt him nei it miel
fan beannen mei bret spek,
de rook fan ’t wiif en syn geriif
wurdt ûnderweis syn diel.

* Max Liebermann (1847-1935)
Skilderij ‘De thúskomst op it plattelân’

admin

It fertriet fan Petrus

Bibelbylden

fan Rafaël*

Fan blidens sprong ik yn it wetter
doe’t ik Jezus dwaande seach
mei bôle by it houtskoalfjoer;
wat koe ’t my skele dat ik wiet
waard, ik hie de Hear yn ’t each,
mar letter sloech it om yn djip fertriet.

Nei ’t miel fan bakte fisk en bôle
frege Jezus trije kear:
‘Soan fan Jehannes, hâldst fan my?’
’t Wie hieltyd wer itselde liet
dat ’k fan him hold: ‘Jo witte ’t, Hear!’
En earder joech dat kraaien al fertriet.

In swiere lêst kriich ’k op ’e skouders:
hoeder wêze sa’t de Hear
dat west hie fan de minskeskiep;
de eagen waarden my doe wiet,
de mulriem kniep en die my sear…
soe ik earst letter witte hoe’t it siet?

* Rafaël (1483-1520)
Skilderij ‘De opdracht fan Kristus oan Petrus’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum