juli 30, 2018
Ik ha dy freed net nommen
yn de jûn fan ’t brutsen read,
hie ’t earst net yn de gaten
datst boppe ’t grûnflak wiest,
do woest my grif ûntkomme.
Ik tocht datst dy ferskûle
hiest fan skamte, wiest wat read,
as Mars, dyn oare maten,
Saturnus, Jupiter,
besochten ’t mei de mûle.
De harmony fan sfearen
wurdt dat neamd, mar do seist neat,
hoe’t ik ek tsjin dy prate,
do sweist as fiere stjer,
ik koe ’t mar min ferneare.
Mar sneon, yn folle gloarje
wiest der wer, noch justjes read;
ik koe dy nimme, sprate
yn ’t kleare ljocht de earms,
wy dielden de fiktoarje.
juli 29, 2018
fan Constantin Brancusi*
Op knibbels mei de holle del,
de ienfâld strielet út dit stal,
wat is yn sa’n gebed bekend,
gjin minske spilet dan in rol
by ’t grêf, sjedêr dit monumint.
Brancusi** fielde oan de tiid
fan spanning yn de minskewrâld,
de takomst wie noch ûnbekend,
de ienfâld krong út mannichfâld,
mar oan abstrakt wie men net wend.
Lit dan ’t gebed de oanstjit jaan,
it stille wurd, dat men net sjocht,
oan Him, abstrakt, net yn de trend
fan wat de wrâld oant no ta brocht,
de ienfâld fan dit monumint.
* Constantin Brancusi (1876-1957)
Byld ‘It gebed’
** De Roemeenske byldhouwer
Constantin Brancusi