juli 14, 2018
fan Caravaggio*
De holle waard my read fan skamte,
wis, ik jou it earlik ta,
’k moast oeral altyd wis fan wêze,
sis mar it bewiis fan ha…
hjoed hat myn hân de tekens lêzen.
Myn maten woe ik earst net leauwe:
wa komt libben út ’e dea?
Se woene ha dat Jezus libbe,
mar ik frege oan syn lea
’t bewiis yn hân en tusken ribben.
Ynienen stie er yn ’t fermidden,
dat ik skrok my, seit men, dea,
’k moast fingers yn de groeden stekke,
kriich ’t bewiis as libben brea…
ik sjoch him dat by ’t miel noch brekken.
* Caravaggio (1571-1610)
Skilderij ‘De ûnleauwigens fan Tomas’
juli 13, 2018
fan ûnbekend*
Apelles, skilder neffens de natoer,
de grutste fan de âlde tiid,
hie net genôch oan tolve oeren,
hy streke troch mei flyt en fjoer,
dus waard er romme wiid en siid.
De grutte Alexander seach yn him
de skilder fan de nije tiid
om troch ’t portret him heech te achtsjen;
dy beide wiene tûk en slim,
sy waarden romme wiid en siid.
Sels Aphrodite spriek de skilder oan,
goadinne berne út it skom,
sa kaam sy op in skulp te lizzen
as keninginne op ’e troan…
hy kriich fan har de heechste rom.
* Fresko yn it ‘Hûs fan Fenus’ te Pompeii
neffens in skilderij fan Apelles