Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Duvelske frustraasje

Lyrysk Deiboek

Se sjogge my as swarte duvel,
dy’t skerp krassend oer de strjitte fljocht
en alles fan it asfalt pikt:
de ynhâld fan in plastic pûde,
’t lykfleis fan in rôt of ein,
watfoar ôffal is my sljocht,
al is it ek bedoarne suvel.

Fan ûnderop flean ik nei boppen,
rap as duvels út ’e doaze wei,
want doazen sit ek faak wat yn,
fan pûde wjukje ’k nei de fleugel,
withoefaak bin ik sa flein,
boppe-yn fyn ik myn draai
om konkurrinten te beroppen.

Wol deale, lit er him wer hearre,
troch syn rop ha wy de duvel yn
as ierdske ingels yn swart-wyt,
dy’t boppedat noch swimme kinne,
himelsk heil is ús foarsein;
boppe draaie op ’e wyn
wurdt troch de duvel slim frustrearre.

admin

Russyske folkswil

Skiednisbylden

fan ûnbekend*

It wie in tiid fan revolúsje,
opstân tsjin de eallju en de tsaar
en dêrnei de reaksje
mei geweld, dêrby rûn elk gefaar.

Troch deportaasje, ekskekúsje
kamen withoefolle boargers om,
gjin sprake mear fan aksje,
Russyske ferhâldings bleauwen krom.

Dochs kaam der stadichoan feroaring,
yn Europa stie de tiid net stil,
wat frege om reaksje
tsjin tsaar Nikolaas syn macht en wil.

De Doema** wie foar him fertoaning
fan de folksgeast, inkeld foar in part:
it folk as lytse fraksje,
grut de macht fan wa’t it measte hat.

De Doema wie mear as yllúzje,
dus smiet Nikolaas de doarren ticht,
wat frege om reaksje:
wer in revolúsje kaam yn sicht.

* Foto ‘ Iepeningstaspraak fan tsaar Nikolaas II
yn 1906 foar de earste Doema’

** It Russyske parlemint

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum