augustus 5, 2018
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
It middel om it paad te finen
nei wat is foar bern bestimd,
leit foar de hân en foet: ferkenne,
dan rekket frjemd al gau bekend
en wurdt it bern werberne.
Sa ûnderfûn ek Baden-Powell
wat ferkenne mei him die
as militêr yn ’t Britske leger;
it spul dat hy foar eagen hie,
wie sûnder skot ynteger.
De scout stiet foar selsstannich sykjen
nei it paad foar him bestimd
mei moed, moraal en dissipline,
nea stiet er bleat of yn syn himd,
sil maten oan him bine.
De wrâld giet foar it scoutspul iepen,
hjit elk wolkom yn de taal
fan hân en foet, fan hert en holle,
bern spylje mei yn dat ferhaal…
wa soe it oars ha wolle?
* Foto ‘Robert Baden-Powell’
** Foto ‘Scouts’
augustus 4, 2018
Sy sylde foar de oaren út
ticht by de reiden lâns
om sjen te litten dat se âlder wie
as alle oare skippen,
de houten Aebelina,
dochs makke se gjin kâns.
Acht sylden sa De Tynje yn,
de tugen yninoar
om sjen te litten wa’t de sterkste wie,
it skom dik op ’e lippen,
it stiel koe wol de klappen ha,
de kâns kaam nei de kar.
Ien skûtsje kaam der neilskerp út,
de liuw rûn yn balâns,
liet oan it folk sjen wa’t de rapste wie,
gjinien koe oan him tippe,
de flaggen klapperen him ta:
‘Do rinst as wiest yn trâns!’