augustus 23, 2018
fan Gerard Dou*
De master wit de bern te lûken
fan justjes mear as leech komôf,
hy lokket har as finkjes yn de kou
of foarntsjes yn de fûke.
De jûn jout status oan syn tonge,
de kearsen brâne ’t wurd deryn,
de eachjes fan de finkjes reitsje blyn,
sadat se faker sjonge.
De foarntsjes wurde ryklik fuorre,
sadat de fûke har net deart,
sy swimme lykas yn in brede feart,
’t hat oardeloere duorre.
Doe dôven kearsen masters lessen,
hy liet de finkjes út ’e kou,
de foarntsjes slaggen troch it fûketou…
hy rekke oan de flesse.
* Gerard Dou (1613-1675)
Skilderij ‘De jûnsskoalle’
augustus 22, 2018
fan ûnbekend*
’t Is net út mysels weikommen
wat ik sein ha op it folle plein,
de Geast hat my de wurden jûn,
dy’t tsjûgen fan in nij bestean…
it harkjend folk wie as ferstomme.
Joël hat al profetearre
oer de Geast dy’t op ús komme soe,
dy wurden ha ’k it folk meijûn
en tekens om dat te ferstean…
it harkjend folk hat soks wurdearre.
David brûkte ek al wurden
dy’t ferwiisden nei in nij bestean
fan Jezus nei syn neare dea;
him is in himelsk plak oanbean…
sa is er mear as libben wurden.
Doe hat elkenien fernommen
wurden fan bekearing foar de doop
as opstean út ’e eigen dea,
dus koe it folk wer fierder gean,
elk op syn wei, alhiel ferromme.
* Fresko ‘Pinksterpreek fan Petrus’