augustus 27, 2018
Oant sjen dan mar,
de dei is wer ferrûn,
dyn plicht hasto trou dien
mei ’t strieljen fan dyn antlit,
dêr’t gjin eachopslach oer koe,
it rint no tsjin de jûn.
Noch efkes mar,
dan rekkesto de kym
en is ’t mei ’t strieljen dien,
no ljochtet noch de wite
wol*, dat oer dyn antlit koe,
jim skine as op rym.
Der is gjin kar,
do lûkst dy no werom,
sa hast it altyd dien,
foar hjoed farwol, de blommen
bûge, witte no al hoe’t
it moarn wer komt… wolkom!
* it wolgers
augustus 26, 2018
fan ûnbekend*
Kening Karel mei in Dútsk postuer
en mear as trettjin nammen
waard de foarst fan Portugal,
syn dieden wiene soms ûnhuer,
mar dêr hat hy him nea foar skamme.
Under wetter die er ûndersyk,
as wiere seeferkenner
spile hy in helderol,
socht bûten ’t houlik syn ûntwyk,
wie diktatoriaal, in menner.
Sosjalist en ek republikein
ha kening Karel hate,
wat ûntflamme ta in skot,
it waard foar heit en soan de ein,
de moardners ha ek nea mear praten.
* Skilderij ‘Kening Karel I’