augustus 31, 2018
fan ûnbekend*
Faak seach syn heit as astronoom
nei ’t firmamint, dêr’t elke stjer
syn rûnte draait,
mar Archimedes skôge klear
hoe wis it hjir op ierde leit.
Wiskunde en dy fan natuer
ferdjippe hy him yngeand yn,
dat wie in feit;
Eureka wie de rop fan klear:
de hoanne dy’t fiktoarje kraait.
Untwerpe die er foar syn stêd:
in slingertastel yn de striid
tsjin de Romein;
syn brânglês skeat lykas in spear
de float yn flam, in fonkerein.
Mar Rome hat fiktoarje kraaid
en makke Archimedes’ wurk
doe yn de war;
it swurd brocht yn ’t bestean in kear,
’t wie foar de fijân sels te bar.
* Yllustraasje ‘Archimedes yn tinzen’
augustus 30, 2018
fan Ids Wiersma*
Och Heare, hoe’t dit kin,
it giet der mâl om ta,
dat kin in bern sels sjen…
sjoch no dy stumper gûlen,
soks wol men sa net ha,
elk rekket op ’e doele.
Och mins, brûk jo ferstân,
it fjoer krijt syn gerak,
sa giet it by in brân,
men heart de flammen gûlen,
jou stumpers ûnderdak,
gerak foar yn de mûle.
Dochs hat de Heare ’t fjoer
net sûnder reden stjoerd,
it kwea kin Hy net oer,
wa’t bidt, mei by him skûlje,
wy steane hjir wol goed,
wat wit, wie dêr rebûlje.
* Ids Wiersma (1878-1965)
Skilderij ‘Brân’