september 17, 2018
Mei beide earmen skean omheech
rôp hy omraak om sterke help
nei ’t stûkjen fan de tsjillen
yn de grûn, as maisfjild noch te leech,
it koe it swiere spul net tille.
’t Is hjoed de dei in spul fan neat:
technyk as trouwe boerehelp,
yn need ek goed te brûken,
gjin karwei is op it fjild te dreech,
it hynder hoecht net mear te lûken.
Mei mar twa tsjillen op ’e dyk
kin ‘Mooiwark’ wol de skeante oan
om breedút ôf te snijen
’t rûge spul; wat stean bliuwt, is gelyk,
egaler kin men it net krije.
september 16, 2018
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
In beuker wol de wrâld ferkenne:
kening, keizer, admiraal,
it jout neat wat er wêze wol,
it is no ienkear syn ferhaal,
hy moat himsels dêryn werkenne.
Puyi, hy wie doe noch mar trije,
kaam yn Sina op ’e troan
en waard net wat er wêze woe,
mei seis jier seach er it him oan,
de revolúsje liet him swije.
Wer keizer waard Puyi mei alve,
sa woe ha in generaal,
mar tolve dagen letter hie
syn fijân in hiel oar ferhaal:
in jonge tusken ridels wolven.
Japanners, dy’t syn lân besetten,
setten Puyi op ’e troan,
lykwols allinnich foar de show,
dêrnei wie it foargoed bedoarn,
de foarst waard troch de Rus opsletten.
Puyi koe hiel de wrâld ferkenne:
beuker, keizer, boargerman,
it joech neat wat er wêze woe,
de oar betocht foar him it plan,
dêr moast it mantsje mar oan wenne.
* Foto ‘Puyi as beuker’
** Foto ‘Puyi as boarger’