Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Himsels

Keunst

fan Carl Larsson*



Dêr stiet hysels, de skilder,
krekt sa as er is?
Oan elk lit hy him sjen,
mar is hy fan himsels wol wis?

Hy hat him yn de fingers,
’t is wat al te stiif,
it bern dat hy wol ken,
hallo, wy binne liif oan liif.

Werom nei it ferline,
út it hert, spontaan
sa as it bern noch kin,
it is mei sizzen net te dwaan.

De frou sit achter ’t finster,
’t is soms yn de war,
hy praat himsels net skjin,
moat oan de slach, oan him de kar.

Dus los de stive fingers,
’t bern falt op ’e flier,
wis hat it libben sin,
it liif moat skilderjend yn ’t spier.

* Carl Larsson (1853-1919)
Skilderij ‘Selsûndersyk’

admin

By de muorre del

Bibelbylden

fan Philip Galle*

Wy hawwe Saulus sakje litten
by de muorre fan Damaskus del,
om’t alle poarten sletten wiene:
de stêd as sel.

Us bruorren, lykas wy ek Joaden,
woene him de dea ynjeie, mar
hoe soe men soks gewurde litte?
It wie te bar.

Om’t Saulus yn de synagogen
fan Damaskus goede wurden hie
foar Jezus, wie dat foar de Joaden
in misse die.

Us eagen giene troch him iepen
lykas dat by Saulus ek bard wie,
hy hat ús op ’en paad meinommen
sa’t hy ek gie.

Mar nachts ha wy de man meinommen
nei de muorre, stadich derby del,
om’t wy as Joaden iepen stiene,
al slút de sel.

* Philip Galle (1537-1612)
Yllustraasje ‘Saulus ûntsnapt út Damaskus’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum