mei 16, 2024
fan Francisco de Goya*
Noch hurder as in rots
wie wat sy dêr besprutsen,
feintsjes fan in rûch bestean,
dat mear foar harren opsmiet
as moreel troch ’t libben gean.
In feintsje wie sy net,
mar trije hiene stutsen
tsjin har wil, sy moast dus wol
mei harren oparbeidzje,
spile amoreel har rol.
Noch hurder as in rots
wie har konklúzje, lutsen
út wat net te winskjen wie;
’t gewear mei seis patroanen
lei har nei, joech goede rie.
Sy makken har wer klear
om ta te stekken, sprutsen
net mei har, sy hie it troch
en skeat mei seis patroanen,
foar elk twa, ’t wie krekt genôch.
* Francisco de Goya (1746-1828)
Yllustraasje ‘Feintsjes meitsje har klear’
Print 11 út ’e searje ‘Los Caprichos’
mei 15, 2024
fan ûnbekend*
Ezechiël
De Heare joech my as profeet
it byld fan skiep en minne hoeders,
de lieders fan it earme folk
dat oer de wrâld fersille rekke,
fan dit byld wie ik de tolk.
De hoeders molken harren út
en holden foar harsels de molke,
de wol waard brûkt foar ’t eigen kleed,
it fleis fan ’t mestfee ha sy iten,
wylst de keppel wie yn need.
It swakke skiep kriich syn gerak
net, foar it sike waard net soarge,
’t ferwûne hat gjinien ferbûn,
it swalkjend skiep moast him mar rêde,
hat de keppel nea wer fûn.
De Heare sil de hoeders fan
de skiep net sparje, mar oanpakke…
de lieders slacht Hy mei de ban.
* Foto ‘Skiep sûnder hoeder’