Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Klokkewet en sinneskyn

Lyrysk Deiboek

Jawis, dêr hast him wer
as hat er him yn tiid fersind,
beskamsum hâldt er him noch yn,
bliid dat er him ferskûlje kin,
ús haadljocht, grutter is gjin stjer.

De ierdbewenners, net
yn byld, de beide eagen ticht,
sy hâlde har keunstmjittich blyn
en misse it ferkleurjend sicht,
sy miene harren klok is wet.

Do grutte stjer, kom op
en kom der strieljend achterwei,
de ierdske klok is inkeld skyn,
do ropst de wolken ta: ‘De dei
brekt oan, wa’t sliept, dreamt oer in strop!’

admin

Tabita wer by de tiid

Bibelbylden

fan Rembrandt*

De froulju ha it nei de tiid ferteld,
ik koe it stjerrend wier net witte,
want ik wie in minske út ’e tiid,
earst siik… doe hie de dea him meld,
waard sein.

‘Tabita, kom oerein!’ klonk lûd in stim
en wrachtich wier, ik koe wer sitte,
fielde my folslein wer by de tiid.
‘’t Is Petrus,’ hearde ’k… ‘Ut Jeruzalem,’
waard sein.

Ik sis: ‘Men hoecht net nei de timpelstêd
om wer te libjen by myn witten.’
Petrus bringt it boadskip wiid en siid
oan elkenien, al leit men siik op bêd:
‘Oerein!’

* Rembrandt (1606-1669)
Tekening ‘Petrus bidt op knibbels by Tabita’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum