november 1, 2018
fan Peter Paul Rubens*
Mei beide hannen op ’e rêch,
wa kin dan by de mûle?
Men is as minske net yn tel
as ’t bleate fel fluch slopper wurdt
de tiid troch yn de sel.
De âlde man hat op it each
it finster mei de traaljes,
al wachtsjend op wat wurdt syn lot:
it sêfte fel of ’t skerpe swurd,
de deastek of syn skat.
Mei lege hannen komt sy troch
de doar fan getten izer,
mei klopjend hert foar wa’t har seit
dat sy syn alderleafste is,
want ja, hy is har heit.
Sy lûkt har boarsten bleat en sjoch
hoe’t hy as berntsje sûget
om sa de honger te ferslaan;
it gluorkjen makket har ûnwis,
mar dochs, har plicht is jaan.
* Peter Paul Rubens (1577-1640)
Skilderij ‘Cimon en Pero’
oktober 31, 2018
fan ûnbekend*
Trije manlju ha ’k nei Joppe stjoerd
om Petrus op te heljen,
net op eigen manneboet,
ik kriich in oprop fan in ingel.
Frjemd, ik hie noch nea fan Petrus heard…
soe ien my ek fertelle
hoe’t er him yn ’t libben rêdt?
Gjin mins, dat die sels net de ingel.
As Romeinsk kaptein rêd ik my wol,
teminsten mei de sinten,
ik gean troch foar ien dy’t gol
is foar de minsken yn de knipe.
Mar de ingel kaam my op it moed…
ik freegje dochs gjin rinte?
’t Giet nei joadske noarmen goed,
’k wurd lang al troch dat leauwe stipe.
’t Wie dus net op eigen manneboet,
it lei him oan de ingel.
* Yllustraasje ‘De ferskining fan in ingel oan Cornelius’
Ut it Bibelsk Printeboek