Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Petrus en it lekken

Bibelbylden

fan Domenico Fetti*

Ik wol ’t wol wêze,
wie der glêd mei oan
yn Joppe dêr’t ik útfanhûze
om te tsjûgjen fan de Hear,
in fisioen brocht doe de kear.

Men kin ’t net lêze,
’t wie in fisioen:
in lekken út ’e loft mei dieren,
rein en ûnrein trochinoar,
ik rekke doe al yn de war.

It waard noch minder:
laam en do en hûn
moast ik earst slachtsje en doe ite,
sels ûnreine, wat ’k net woe,
in stim sei dat ik ite soe.

Wie ik God, blinder,
om it net te dwaan?
Fan boppen kaam ik doe wer ûnder
om te hearren fan de kear:
Cornelius syn miel wie klear.

* Domenico Fetti (1589-1623)
Skilderij ‘It fisioen fan Petrus
oer it lekken mei dieren’

admin

Artemisia de jiskedrinkster

Mytebylden

fan Rembrandt*

Op Mausolos hat sy dronken,
broer en letter ek har man,
dy’t boude oan syn residinsje
Halikarnassos, rike stêd;
Artemisia wie yn de ban
fan him, hat mear as leafde skonken.

Doe’t Mausolos joech de siken,
suchte se har lijen út:
wat hie sy nei syn dea te winskjen?
Halikarnassos, rike stêd,
wie gjin kompensaasje foar syn tút,
sy koe net fan syn jiske wike.

Drinke soe sy fan syn jiske,
mong dy troch har leafdesdrank
en preau de smaak fan har yntinsje:
as ienheid yn de rike stêd
troch te libjen… oan Mausolos tank
dat hy foar har syn trou net wiske.

* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘Artemisia’
(ien fan twa mooglikheden)

 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum