november 9, 2018
fan ûnbekend*
Apollo en Koronis,
âlders fan Asklepios,
in berntsje út ’e deade mem,
dy’t frjemd gien wie, wat joech gjin pas,
Apollo deade syn Koronis.
It soantsje kaam by Cheiron
yn de lear en liet al ier
de keunst om te genêzen sjen,
foar deaden kaam er ek yn ’t spier
mei ’t bloed fan ien fan de Gorgonen.
Zeus koe soks net ferneare,
sloech Asklepios mei fjoer…
gie sa it medysk amt ferlern?
Mar doe’t Zeus’ grime rekke oer,
soe ’t needlot fan de dokter keare.
De slang, symboal fan ’t libben,
heit Apollo’s hillich dier,
waard as symboal wrâldwiid bekend;
it bloed streamt troch fan hert nei ier,
der wurdt nei ivich libben stribbe.
* Byld ‘Asklepios’
november 8, 2018
fan Vasiliy Perov*
Syn peuken binne dôve,
de jiske rekke op ’e flier
en omkeard kaam de pet op tafel,
doe rûn de drank him troch de kiel.
Hy hat gjinien berôve,
wolnee, dat giet him fierste fier,
hy hat yn hûs in eigen tafel
en om de dei it waarme miel.
Soms hat er wat om hannen,
it libben is net foar de sier,
dan kin er wer in wike ite,
’t foarnaamste is lykwols de siel.
Hy hat gjin grutte plannen,
twa peuken op ’e flier, dêrnei
twa slokken, mar noch lang net ite,
’t foarnaamste krijt it grutste diel.
Syn langstmei is net dôve,
tsien fingers wize him de wei,
al is it by de eigen tafel,
hy fielt him diel fan it gehiel.
* Vasiliy Perov (1834-1882)
Skilderij ‘Iensume gitarist’