november 11, 2018
Wa ken de heit fan Nicaragua,
Columbus of de Spaanske foarst
of binne dat de Steaten,
feriene ta in mega-macht?
It lân woe op ’e frijheid ta.
Columbus wie de bliuw-mar-efkes heit,
de Spaanske kening bleau fier fuort,
wist dat soldaten skeaten
om mannich gouden mega-fracht,
sa hat er yn de skatten baaid.
De Steaten setten yn op polityk:
konservatyf tsjin liberaal,
behâldend moast it winne,
de liberaal kriich dus de wacht
oansein, de Steaten waarden ryk.
Sa wie it lot fan Nicaragua:
in heit spuit fakentiid raar guod,
wol ’t bern selsstannich rinne;
de nije dei komt nei de nacht
as eigen krêften romte ha.
* Kaartsje fan Nicaragua
november 10, 2018
fan ûnbekend*
Antiochië,
in stêd alhiel yn ’t noarden,
dêr’t gjin kristen te bekennen wie,
de Gryk it foar it sizzen hie,
dêr hat de sege gloare.
Antiochië,
se stjoerden my dêrhinne:
‘Barnabas, do hast yn dy it fjoer
en alles foar it boadskip oer,
lit Kristus’ pleit dêr winne.’
Antiochië,
ik liet de stêd net lizze
lykas it dêr iuwen hinne lei,
it wie sa as de Gryk it sei,
mar Kristus soe ’t oars sizze.
Antiochië,
de stêd om Kristus hinne,
kristen waard de namme, foar it earst,
in wurd dat tsjûge fan de Geast,
it soe de wrâld trochrinne.
* Byld ‘Barnabas’