november 25, 2018
fan ûnbekend *
fan ûnbekend**
Koe in folkemoardner kening bliuwe,
ien dy’t hannen hakje liet,
miljoenen deaden op ’t gewisse hie?
Jawis, hy koe dêrfan de fruchten priuwe,
want gjin blanke Belch dy’t dêrmei siet.
Sa liet Leopold syn saakjes driuwe
op it bloed fan ’t swarte folk.
Koe in kening iennichst eigner wurde
fan in Frijsteat út it sicht
fan ’t wrâldgewisse sûnder wize rie?
Jawis, yn Kongo hakken skerpe swurden
hannen ôf as keninklike plicht.
Sa liet Leopold syn saakjes driuwe
op it bloed fan ’t swarte folk.
Koe in kening-moardner ryk beleanne
wurde as de eigner fan
in lân dat yn potinsje alles yn him hie?
Jawis, dy sechtich oarders moasten kinne,
sa kaam Leopold wol boppe Jan.
Sa liet Leopold him blinkend driuwe
op it bloed fan ’t swarte folk.
* Foto ‘Kening Leopold II fan België’
** Foto fan bern mei ôfhakke hannen
(omdat se te min rubber ophelle hiene)
november 24, 2018
fan Rafaël*
As Romeinske gûverneur
op Cyprus ha ik ûnderfining
mei de Joaden yn de stêd;
nim Elymas yn ’t swarte kleed,
hy blinkt net út yn fleur
en die him foar as in profeet.
Mar syn tsjoenderij wie oer
doe’t Paulus en syn maten kamen
mei in boadskip foar de stêd;
foar Elymas wie dat mar skyn,
it makke Paulus poer:
‘Do tsjoender wurdst op slach noch blyn!’
Swart it kleed en neare nacht,
dat Elymas kriich gjin ferskining
fan de Hear, dy’t Paulus brocht
oan Cyprus mei syn gûverneur:
ik naam syn lear yn acht,
de omslach brocht foar ’t eilân kleur.
* Rafaël (1483-1520)
Skilderij ‘Elymas wurdt blyn’