december 16, 2018
fan ûnbekend*
Raymonde de Laroche,
in namme dy’t it die op it toaniel
en letter sweefde boppe ’t lân,
sy spile mei har hert en siel
en gie de loft yn mei ferstân.
Sy makke har rap los
fan ’t byld dat manlju rize fan de grûn
en froulju bliuwe ûnder stean,
alhiel oan stân en stimming bûn,
mar sy woe fleane as in earn.
Raymonde de Laroche
begûn mei rûntsjes meitsjen op ’e grûn,
de haadrol kriich de dame net;
doe’t sy mei sûn ferstân it fûn
hie, krige sy it fleanbrevet.
Sy makke hiel wat los:
de tsaar joech har de titel ‘barones’,
de ealstân duorre lykwols net,
sy kaam om ’t libben troch in crash,
foar har waard doe in stânbyld set.
* Foto ‘Raymonde de Laroche’
december 15, 2018
troch Barnabas sjoen
fan ûnbekend*
Lit my mar iepen wêze,
earlik sizze hoe’t it rûn,
wy ha sûnt juster spul,
ik fiel my net oan Paulus bûn,
lit my troch him de wet net lêze.
Jehannes soe it sizze,
mar hy doarst úteinlik net:
hy woe wer mei op reis;
ik ha foar him de foarstap set
om op ’e nij de bân te lizzen.
De freonskip waard ferbrutsen
om’t Jehannes fuortgien is
en ús it wurk dwaan liet;
it wie foar Paulus doe al mis,
as troch de neven waard er stutsen.
Mar moatst it dêrby litte?
’t Is al wer it âlde liet:
do silst mar Saulus hjitte…
* Ikoan ‘Barnabas’
troch Paulus sjoen
fan ûnbekend*
Ik kin der koart oer wêze:
Barnabas sjocht soks ferkeard
en dêrom ha wy spul;
Jehannes hat de rêch takeard…
sy sille my de wet net lêze!
* Ikoan ‘Paulus’