november 23, 2018
fan Jacques-Louis David*
Ut Zeus syn holle waard sy berne,
faam Athena, al folgroeid,
har twadde namme, Pallas,
kriich sy troch it swaaien fan de lâns…
sa soe men har as kriichsgoadinne kenne.
Ferstannich wie sy as goadinne
mei strategysk ynsjoch toaid,
hiel oars as striidgod Ares,
swaaiend kriich en frede út balâns,
Athena soe it foar de Griken winne.
Sy kriich lykwols in byld yn Troje,
har Palladion mei helm
en skyld, in lâns foar ’t stekken,
byld troch Odysseus, de Gryk, ûntfierd,
mei Diomedes koe hy ’t wis wol roaie.
De stêd Athene woe sy winne
op Poseidon mei in beam,
dy god skonk wylde hynders
by in boarne mei in brûzend liet,
dochs waard Athene wijd oan de goadinne.
* Jacques-Louis David (1748-1825)
Skilderij ‘Athena en Ares’
november 22, 2018
fan Georgij Georgievitsj Rjazjskij*
In brief, jawis de brief
dy’t sy al lang ferwachte,
mar net komme woe;
sy seach it daliks oan de slúf,
it hânskrift wie bekend, wat stiif,
it waard har dochs te machtich.
Mem woe it earst net ha,
mar heit seach yn de fierte,
krekt as ’t komme soe
út Moskou wei, in fêst beslút;
úteinlik mocht se dêrnei ta,
it gie om mear te witten…
… as wrotters op it lân,
nee, ’t hat har noch net spiten
dat it oangean koe,
dochs seach se nei in skriuwen út,
’t gefoel dat kaam út mem har hân
en spriek fan harren krite.
* Georgij Georgievitsj Rjazjskij (1895-1952)
Skilderij ‘Brief’