Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Nei moarntiidsglâns de bút

Keunst

fan William Turner*



Lit de sinne heger klimme,
want de dize hâldt de strielen tsjin
of jout de moarntiid sa de glâns
dy’t djipper is op ’t ierdske flak?
De himel soarget foar gewin.

Hûnderttûzen fisken swimme
noch, de nacht joech lykwols net te min;
de fiskers wiene ’t wekjen mânsk
en brochten krekt de boat teplak,
fersetten no mei drank it sin.

Froulju ha de sliep ôfbrutsen,
foar ’t gefoel wie it noch neare nacht,
’t ferstân brocht harren op it strân
noch foar’t de boaten sylden út
de dize, sulver wie de fracht.

Is it mes yn ’t fiskfleis stutsen,
krijt de sinne oer de dize macht,
dan skoot it seebyld nei it lân
en sprekke fiskers fan de bút…
gjinien slacht noch de himel acht.

* William Turner (1775-1851)
Skilderij ‘Fisk by it lemieren’

admin

Berjocht fan Barnabas

Bibelbylden

fan ûnbekend*

As Paulus der net wie,
dan hold ik it net fol
op reis oer see en lân,
hy hat mei wurd en die
de grutste rol.

’t Is net it krekte wurd,
gjin rol, mar sa’t er is,
bringt hy in wier berjocht;
al jeie se ús fuort,
wy binne wis…

… dat Jezus is de Hear;
dit boadskip foar de wrâld
giet troch nei ’t fiere lân,
dêr komme minsken gear
fan jong oant âld.

Guon Joaden yn de stêd
Ikonium ha net
wat oan ús boadskip hân:
net Jezus dy’t ús rêdt,
mar harren wet.

Sy drigen mei geweld,
dat ik woe dêr wol wei,
hie einliks skjin myn nocht,
mar Paulus is in held,
dochs gie er mei.

Yllustraasje ‘Nei en yn Ikonium’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum