Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Gjin bollen foar Joaden

Bibelbylden

fan Jacob Jordaens*

Yn Lystra bin ik pryster
yn de timpel fan god Zeus,
dy’t alle dagen offers kriget,
dat hy it folk syn goedens skinkt
en foar de stêd gjin ûnheil driget.

Mar hjoed bin ’k wizer wurden,
net om ôf te jaan fan Zeus,
ik soe net doare, ’t wiene Joaden,
dy’t wizer binne as men tinkt,
earst seach ik harren oan foar goaden.

In lamme koe wer rinne,
neffens ’t folk troch ’t hege wurd
fan goaden, har wie neat tefolle;
in offer, krige ik as wink,
dat ik derhinne mei twa bollen.

Fergees, it wiene Joaden
mei in boadskip fan har god,
dy’t goeddocht foar de hiele ierde,
om’t hy foar elk de fruchten skinkt,
mar wat hat Zeus dan noch te bieden?

* Jacob Jordaens (1593-1678)
Skilderij ‘Paulus en Barnabas yn Lystra’

admin

Bruorremoardners

Mytebylden

fan ûnbekend*

Is der ea safolle moarde
as troch Thyestes én Atreus,
twa bruorren, moardners fan de tredde broer?
Om’t sy fersteurden sa de oarder,
hat de heit har lûd ferflokt.

Beide bruorren hawwe fochten
mei fjouwer eagen op ’e troan
fan de Mykeners, mar it hold net oer,
Thyestes kriich de earste rjochten,
hat Atreus syn goudflues socht.

Dêrtroch kriich hy noch mear rjochten,
mar Hermes hold it mei Atreus
en liet de sinne eastlik ûndergean;
Thyestes kaam ferkeard terjochte,
hat fergees syn soannen socht.

Want syn soannen waarden deade,
ta iten sieden foar de heit
en oanbean troch syn broer Atreus as lean
foar ’t stellen goudflues, dat hy skearde
fan it skiep, wat goaden skokte.

* Yllustraasje ‘Atreus op ’e troan’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum