januari 12, 2019
fan ûnbekend*
’t Wie mis yn Tessalonika,
ik siet der tuskenyn, dus wie ’k derby,
waard opbrocht nei it stedsbestjoer
as gasthear fan de tsjûgen
fan de Hear, sy moasten sliepplak ha…
gelokkich bin ’k wer frij.
De measte Joaden moasten neat
fan Paulus ha, dy’t tsjûge fan de Hear,
ek Silas mochten sy net oer,
doe ha ik har útnûge…
gastfrij wêze is dochs net ferkeard?
Ik fûn it sels in ear.
De Joaden brochten ’t folk oeral
mei ’t doel myn gasten op te bringen nei
it stedsbestjoer, ik ha har doe
rap út ’e hûs wei litten,
sa rûn ik as gasthear yn de fal
en namen se my mei.
Mar sa’t ik sei, ik bin wer frij,
al is ’t op boarchtocht; wat ek komme mei,
se meitsje my net mear oerstjoer.
* Kaartsje fan Grikelân en Turkije
januari 11, 2019
fan ûnbekend*
As jonkje bleau hy by syn heit
yn ’t legerkamp, dêr’t de soldaten
him soldatelearske neamden,
in teken fan syn populariteit,
sa hie hy tûzen maten.
Al jong ferlear er heit en mem,
kaam yn de kost by beppe, letter
by Tiberius, de keizer,
in kwestje fan in lûde stim, gjin rem,
in hearsker op ’e kletter.
De keizer dea, Soldatelears
kaam op ’e troan, it koe net better:
bôle foar it folk en spullen,
in kwestje fan in sêfte stim, mar heas
rôp Caligula letter:
‘Ik bin de baas, sjoch nei myn byld,
fal del, jimme sille ’t ear bewize,
machtich bin ik boppe goaden,
dat elk myn populariteit oanfielt,
myn lears sil om jim gnize.’
Gjin lears hat gûld om keizers bloed,
dat spatte om it folk te wizen
op ’e wil fan lilke goaden.
* Byld ‘Caligula’