Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Reuzefûgel

Lyrysk Deiboek

Under ’t fûgelfolk is hy in reus
mei brede wjukken, skerpe snaffel
op ’e weagen, yn de loft,
dêrûnder is er út op bút,
hy docht it sûnder tafel.

Reuzefûgel, klear foar rappe start,
komt yn beweging op de Potten,
skyend foar syn eigen nocht
of demonstrearjend foar it folk:
mei my falt net te spotten.

Dûkt er al ris, inkeld foar de grap,
dan komt er rap wer boppe wetter,
brûkt de tafel foar in skoft,
stekt beide wiete wjukken út…
as ielgoes giet it better.

admin

Slavernij in Sina

Skiednisbylden

fan ûnbekend*

De tiid troch hat de iene minske
hearske oer de oare,
foar gjinien is dat hjoed nij;
is der dan noch neat feroare
sûnt de slavernij?

De boeren hiene wol har winsken,
mar wa soe dy hearre,
hearrich as sy wiene oan
de hear, de kear mislearre,
’t gie fan heit op soan.

De oarloch levere de slaven,
bút foar hege hearen,
profiteurs, net yn de striid,
mar feilich yn de haven,
hearskjend troch de tiid.

Gjin slaven mear by de Sinezen?**
Wa sil ’t ûnrjocht keare
fan systemen, âld of nij?
Foar hoeren en foar wezen
is ’t noch net foarby.

* Foto ‘Moderne slavernij’

** Yn 1910 waard yn Sina de slavernij ôfskaft

 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum