Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Lydia de poarperferkeapster

Bibelbylden

fan ûnbekend*


Se sizze dat it froulju eigen is,
’t gefoel dat der wat komme sil
wat ynfloed hat op ús bestean
of better sein: om mei te gean
op wei, nei Kristus’ wil.

Ek Paulus is mei maten ûnderweis,
út Troäs stieken sy oer see
om ús it boadskip fan de Hear
te bringen, ’t waard in ommekear,
foar myn gefoel wie ’k ree.

Mei poarper kleurje ik de bûtenkant,
wat slacht nei binnen, dat gefoel
fan djipgong, keninklik fan aard,
it kleed op ’t paad fan Kristus spraat…
Gods Keninkryk as doel.

* Ikoan ‘Lydia’

 

admin

Gaius Caesar

Mytebylden

fan ûnbekend*
fan Lionel Royer**

Gaius wie syn earste namme,
foar it folk wie hy de man,
syn frou kaam út in machtich skaai,
foar ’t folk oer hat er him net skamme.

Rhodos keas er om it praten
oan te learen, hy ferlear
syn frijheid yn de rôversbaai,
naam letter wraak op ’e piraten.

Fan Pompeius waard er skoanheit,
earst syn bûnsmaat yn de striid,
mar letter kaam de ommeswaai,
doe is syn skoansoan fan de troan waaid.

Caesar wie syn namme wurden,
machtich fjildhear yn ’t gefjocht
tsjin Galliërs, him yn de wei,
syn leger stried mei skerpe swurden.

Yn Egypte hat er striden
foar Kleopatra, ek yn
de leafde lei sy Caesar nei,
it wiene foar him gouden tiden.

Gaius Caesar triomfearre
as in keizer boppe ’t folk,
doe kaam foar him de needlotsdei:
troch moardnershannen soe hy stjerre.

* Byld ‘Caesar’

** Lionel Royer (1852-1926)
Skilderij ‘Vercingetorix smyt syn wapens
foar de fuotten fan Caesar’

 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum