december 31, 2018
Fan ’t âlde nei it nije
giet hjoed bûten elke wil
om, ’t is gjin fraach
wat wy moarn krije.
Yn ’t âlde hearske hjitte,
nedich wie de sinnebril,
yn ’t rinnen traach
wie ’t folop switte.
It âlde kin foarsizze
wat yn ’t nije jier op til
is… nei de top?
Net wekker lizze…
… yn skossen leit it âlde,
wat it nije bringe sil,
lit ús it op
de flakte hâlde.
december 30, 2018
fan ûnbekend*
’t Ekspânsjestribjen út it westen
wie in ljochtsjend foarbyld foar Japan
út eangst foar minder macht:
Koréa waard de lytse man,
Japan de reus dy’t alles mocht.
Queen Min, Koréa’s keizerinne,
rôp de help yn tsjin de grutte man,
wat har yn lijen brocht:
fermoarde waard sy troch Japan,
de oanset ta Koréa’s nacht.
Dy nacht kaam nei de anneksaasje,
dat Koréa wie gjin mantsje mear,
mar fan de reus in bern:
it bern de klap, de reus de ear…
wat hie it libben noch foar sin?
De eigen taal moast it belije,
nammen krigen it Japanske lûd,
treastfammen hiene gjin
bestean, ferlearen alle moed,
it eigen wêzen gie ferlern.
De reus waard letter ek in mantsje,
kaam ferslein, ûntheistere wer thús,
wist doe fan eigenheid;
earst jierren neitiid kaam ’t ekskús,
wat alles fan in eks-reus seit.
* Foto ‘Japanske sjendarmes yn Koréa’