Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Revolúsje yn Portugal

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**

‘Gjin kening langer op ’e troan!’
sa rôpen de Republikeinen,
dieden folgen nei de rop:
fermoarde waard foarst Karel,
ferjage waard syn twadde soan.

Mar achttjin wie Emanuel
doe’t adviseurs mei klam him seine:
‘Jou tenei it folk in stim!’
De soan tocht oan heit Karel,
gjin moard mear, ek net yn de sel.

Republikeinen woene ’t oars,
net langer foarst en tsjerke heine:
‘Fuort dermei, it near derop,
Emanuel nei Karel
dea, jou dy skobbejak gjin loas!’

De revolúsje briek fûl út:
twa skippen lieten bommen reine
op ’t paleis, it eage slim,
ek foar de soan fan Karel?
Hy flechte, waard gjin deade bút.

* Portret ‘Emanuel II’
** Yllustraasje fan it útroppen
fan de Portugeeske Republyk

admin

Finzenisferslach fan Silas

Bibelbylden

fan Joseph Mulder*



Wy sieten yn de finzenis
mei strimen op ’e lea
fanwege ’t bannen fan in geast
dy’t in slavinne finzen hold
en sprekke liet, oer ús hiel wis.

Mei beide fuotten yn it blok
begûn ús stille bea:
‘Wy bidde, Hear, kom mei jo Geast,
dat nimmen ús geast finzen hâldt,
jo heilsberjocht kaam mei in skok.’

Wy songen middenyn de nacht,
’t klonk fierder as ús sel:
‘Wy tankje, Hear, foar ús bestean
en steane by it boadskip stil
dat Jezus brocht, grut is syn macht.’

Doe skodde ûnder ús de flier,
de keattings kamen del,
wy seagen doarren iepengean
en tochten: is dit Jezus’ wil?
Gjinien kaam op dat stuit yn ’t spier.

It wie allinnich de sipier,
dy’t him tekoart dwaan woe,
mar Paulus liet him net begean.

* Joseph Mulder (1658-1742)
Yllustraasje ‘Paulus en Silas yn de finzenis’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum