Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ivich rêste nei de les

Keunst

fan Rembrandt*



Kin Joaris wol foar ivich rêste
nei in libbenslang ferrin
fan op ’e strjitte foar de mage?
De hân griep faakris nei it mes,
dat syn gewisse bleau net skjin…
se seine, Joaris wie gjin bêsten.

Dêr leit er dan mei lege longen,
dy’t hurd wurken op ’e dei
dat hy in hannelsman berôve
en yn in flits griep nei it mes,
sadat syn lêste gong wie faai…
hy waard heech oan de galge hongen.

Syn mage leit al oeren iepen,
leger as it lêste skoft,
syn breinkas is yn oare hannen,
it mes snijt fierder foar de les,
sa wurdt er lizzend noch romroft,
mei fan de wittenskip lang sliepe.

* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘Anatomyske les fan Dr. Jan Deyman’

admin

Finzenisferslach fan Paulus

Bibelbylden

fan ûnbekend*

Wy rûnen troch de finzenis,
noch sear die ús de lea
troch ’t fuotteblok en alle strimen,
mar hawar, in skok hie ús befrijd
of kaam ferlossing nei de bea?

Ik seach ’t wie mis mei de sipier,
dy’t him tekoart dwaan woe,
want mei syn wurk koe hy ’t net rymje,
mar gjin noed, ik ha him fluch fernijd
dat elk dêr sitten bliuwe soe.

Behalve wy, wy mochten mei,
hy hie der grif fan leard,
as tank fersoarge hy ús strimen,
wylst fertelden wy him ús bliid nijs,
foar ’t dopen hat er him bekeard.

It stedsbestjoer kaam ek mei nijs:
wy koene frij wer gean,
’t wie net te rymjen mei ús strimen,
as Romeinen wiene wy op reis
mei ’t rjocht om frij te gean en stean.

Yllustraasje ‘Paulus en Silas en de sipier’

 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum