Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Fjoerfûgel fan Stravinsky

Skiednisbylden

fan ûnbekend*

Mei eagen as ealstiennen,
wjukken as fan fjoer
begûn de fûgel oan syn flecht…
wa soe dy stuitsje kinne?

’t Gie op en del mei flammen
hiel de ierde oer,
it gûnze ritmysk op syn slach…
fjoerfûgel wie syn namme.

Hy sakke op ’e tûken,
stiel de gouden frucht
en taaste dêrmei oan ’t gesach
fan tsaren, fan wa’t jûken…

… de hannen om te fangen
fearren, frjemde klucht
fan Ivan, jongste tsarevitsj,
hy fong mei gleone wangen.

It gûnzet ritmysk troch Stravinsky**,
dy’t de fûgel fleane lit
harmoanysk, kleurich op ’e toanen
fan hoe’t it mei dy wjukken sit.

* Yllustraasje ‘Fjoerfûgel’

** Igor Stravinsky waard ynspirearre
troch it mearke fan de fjoerfûgel;
syn balletten waarden foar it earst
yn 1910 te Parys útfierd

 

admin

Omkear fan Dionysius

Bibelbylden

fan Rafaël*

Yn Atene bin ik berne,
stêd fan kennis oer de goadewrâld,
dêr’t ik mei hiel myn siel yn leaude,
want de goaden binne mannichfâld,
men moat se allegearre kenne…

… nei it wurd fan filosofen:
‘Sjoch mar nei de hiele maatskippij,
dy’t wy besjogge fan mear kanten,
dat dêr passe ek de goaden by!’
Mar soe dy teory wol doge…

… frege ik my ôf; doe hearde
ik in sprekker op it grutte plein
dy’t net yn al ús goaden leaude,
mar it hold by ien, hy hat ek sein:
‘It is in God fan hege wearde!’

’k Bin wol yn Atene berne,
mar de goadewrâld seit my neat mear
sûnt Paulus’ wurd my nei Him kearde
dy’t as Skepper krijt de heechste ear…
de goaden moatte dêroan wenne.

* Rafaël (1483-1520)
Skilderij ‘Paulus yn Atene’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum