januari 26, 2019
fan ûnbekend*
As gûverneur moat ik it dwaan
mei ’t wetboek fan ’t Romeinske ryk,
dy wetten ha ik yn de holle,
wa’t dy hâldt, jou ik gelyk.
Hjoed kamen Joaden foar ’t gerjocht
mei ien dy’t yngie tsjin har wet
troch earetsjinsten yn te stellen,
mar in misdie is soks net.
Dy Paulus, want sa hjit de man,
is sels in Joad, sa kaam derút,
syn wet wie net alhiel itselde,
mar ’t Romeinske rjocht beslút.
Ik, Gallio, sil útspraak dwaan:
jim wurd striidt tsjin it oare wurd
en moatte mei ’t ferskil mar rêde,
foar ús ryk hat soks gjin nut.
Skilderij ‘Apostel Paulus’
januari 25, 2019
fan Cesare Maccari*
Wa’t stribbet nei ultime macht,
wol krûpe oer de rêch fan oaren,
dy’t er dan de deastek jout,
mar wa’t yn libben bliuwt, fertrout
syn stribjen net en slacht werom.
Wa’t ynklaut, lûkt ferhâldings krom,
en útjout foar it eigen stribjen,
hâldt gjin jild en freonen oer,
de striid om macht wurdt dan in toer,
gjin toer dy’t hy yn Rome bout.
Foar Catilina wie it goud
doe’t hy noch net nei ’t heechste stribbe;
letter skeelde ’t him gjin moer:
hy waard de moardner fan syn broer
en griep fergees yn Rome yn.
Dochs dronk er op ’e takomst wyn,
fertroude op ’e konfrontaasje
mei ’t Romeinske leger, mar
troch ûnmacht hie er gjin ferwar…
wa hat noch om de deade roud?
* Cesare Maccari (1840-1919)
Skilderij ‘Catilina’ (detail)