Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Winterknibbels

Lyrysk Deiboek

Earjuster wie de grûn te hurd
om stiennen goed teplak te krijen,
beide knibbels hiene ek gjin sin
te bûgen foar foarst Winter…
foar de fluorder gjin meilijen.

Hoewol’t de iisflier like hurd
wie, lei er op ’e feart op knibbels,
want de noaren sieten net nei ’t sin,
de foarst hie mei de fint te krijen,
jage him oer alle ribbels.

Hy hie ’t idee fan ‘ik ryd hurd’,
hat foar de wyn de einstreek helle,
rûn oer strjitte mei in skoander sin
en hat foarst Winter witte litten:
’k sil itselde moarn bestelle.

Hjoed wurket er wer tikjend hurd
mei beide knibbels stiif fan ’t riden,
foar de toarst hat grif de flesse sin,
hoewol’t er fan prins Rein wol krije
kin de drippen, meast fansiden.

admin

Leo Tolstoi

Skiednisbylden

fan Ilja Repin*

Underweis fernaam er stekken
fan de longen, ek fan syn bestean,
hy wie net stean bleaun by syn frou,
mar altyd geastlik op ’en paad,
de djipgong seach er as de kearn
en dêrút wei koe ’t bêste brekke.

Graaf fan berte, mei de bêsten
wie hy yn it earstoan ûnderweis,
kriich trettjin berntsjes by de frou;
de pinne, as syn bêste maat,
liet him de wrâld sjen, elke reis
ferbûn him mei wa’t droech de lêsten.

Op it lân, dêr fûn er frede
by de boeren yn in dreech bestean,
asketysk stiek it by him nau,
wat lei no ienkear yn syn aard;
wa’t droech de lêsten, krige lean
nei wurkjen, ’t minskdom wie tefreden.

Underweis fernaam er stekken,
wat de ein waard fan in ryk bestean,
de frou koe him net mear berikke.

* Ilja Repin (1844-1930)
Skilderij ‘Leo Tolstoi’ (1828-1910)

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum