februari 8, 2019
fan ûnbekend*
Hy wist wol wa’t syn âlde pake wie,
de strider mei deselde namme:
Cato, ’t siet him yn it bloed,
in stream troch generaasjes hinne,
nea ha sy har skamme.
Hy wist wol wêr’t er yn ’t bestean foar stie,
soe nea foar senatoaren wike;
neffens âlde pakes moed
liet hy gjin kâns op winnen rinne,
rûn dan ek oer liken.
Hy hie it net op konsul Caesar stean,
oarsom koe dy syn bloed wol drinke;
Cato rûn dêrtroch gefaar
om yn de finzenis te kommen…
koed er fierder sinke?
Hy hie ’t wol hân, woe nei de djipte gean
troch eigen hân, ree om te snijen,
’t barde mei in breed gebaar;
syn freonen wiene as ferstomme…
rûnom wie djip swijen.
Byld ‘Cato Uticensis’
februari 7, 2019
fan Michiel Sweerts*
It jûnsread kleuret noch de loft,
dy’t al de nacht foarseit,
de wurge dei leit him no del,
gjin hoanne dy’t mear kraait.
De ûle gûlt en is dan stil,
in skym ropt op syn flecht;
twa wurge pylgers komme del,
it fiere doel klinkt echt.
Barmhertigens foar wa’t op reis
is foar syn sieleheil
fiert nei de himel, net de hel:
‘Jim komme wer op peil,’
… sa seit de weard, syn wolkom klinkt
as ’t koeren fan de do.
‘De hoanne kraait al ier en skel,
dat krije jim kado.’
* Michiel Sweerts (1618-1664)
Skilderij ‘Wolkom oan de pylgers’