februari 1, 2019
fan ûnbekend*
‘En fierder bin ik fan betinken
dat Cartago fan de ierde moat.’
De sprekker wie sa hurd as stien,
in rots dy’t yn de brâning stie
yn Rome, mar ek fier dêrbûten:
hy focht tsjin lúkse foar de sier,
hat Hannibal as fijân moete.
Dy fjildhear teach nei ’t noarden ta,
brocht oaljefanten yn de striid,
dy’t kâldwei oer de bergen stampten;
doe’t Cato’s leger kaam yn ’t spier,
wie ’t dien: it bistefolk ferkrampte.
‘En fierder bin ik fan betinken
dat Cartago fan de ierde moat.’
De kramp sloech oer op Cato sels:
syn strang bewâld, as iis sa kâld,
koe by it folk gjin sprekken lije;
Atene’s keunst fûn hy fertier,
syn dokters woed er leaver mije.
Foar dokter spile hy leafst sels
mei frou of soan as syn pasjint,
sy moasten nei advizen hearre
dy’t sloegen op de klier en nier
en soene dêrtroch kâldwei stjerre.
* Yllustraasje ‘Cato Censorius’
januari 31, 2019
fan Georg Grosz*
fan Max Slevogt**
Finzen yn de boeien fan de stêd,
krioelje lju de strjitten út
op wei nei har idoal,
dat wykt, draaft fierder fuort…
gjin útkomst yn de metropoal.
Fjoerread giet it folk yn flammen op,
de jiske is it lichte guod,
it hat wat wei fan moal.
Tusken kaken sit de linkerearm,
de tosken kringe troch de hûd;
natoer is har idoal,
sy leit der middenyn,
slop op ’e skouders fan har boal.
Grien wiuwt har it tichte oerwâld ta
op ’t ritme fan de waarme wyn…
oars as de metropoal.
* Georg Grosz (1893-1959)
Skilderij ‘Metropolis’
** Max Slevogt (1868-1932)
Skilderij ‘Tiger yn it oerwâld’