februari 3, 2019
fan de redaksje*
It skip foer op ’e oseaan
mei withoefolle passazjiers,
besiele troch bagaazje
fan frije jeugd oant fêste baan,
foarname lju, ek naasje.
De kapitein hie ien yn ’t each
dy’t by him oprôp it gefoel
fan gif yn de bagaazje,
it skip briek wol troch mannich weach…
te let joech argewaasje.
De weagen fan de radio
berikten daliks Scotland Yard:
’t wie Hawley Harvey Crippen,
mei gif rôp hy tsjin ’t libben: ‘Ho,
myn wiif rint op ’e klippen!’
Foarside ‘The Daily Mirror’
februari 2, 2019
fan ûnbekend*
Myn skoalle learde earst it wize wurd
fan Grykske filosofen,
dêr’t it minskdom ’t meast oan hie,
sa tochten wy hjir yn Efeze
oant Paulus kaam mei wizer rie.
Hy hie gjin skoalle, mar allinnich ’t wurd
fan Kristus liet er hearre,
doopte dêrnei mei de Geast
yn plak fan wetter sa’t Jehannes
die; Paulus’ doop sei ús it meast.
Us spriek de Geast sa oan dat ek ús wurd
wie lykas fan profeten,
oars as ’t filosofepraat;
doe frege ’k Paulus yn myn skoalle,
dêr’t alle dagen sprutsen waard.
* Foto ‘Skoalle fan Tyrannus yn Efeze’