februari 15, 2019
fan Sandro Botticelli*
Sy binne mei har trijen,
kreaze froulju út it goaderyk,
ferneamd om harren graasje,
foar de heechste god in blyk
dat sy har oan it libben wije.
Gjin libben sûnder freugde,
foar de froulju ek in glêde hûd,
dan noch ferdivedaasje,
trije makket alles goed,
sa’n libben sil god Zeus lang heuge.
Kin Zeus sels sprekken lije,
is de heechste god skjin op ’e hûd?
Syn dochters witte better,
geane troch foar gol en goed
en ha mei heit neat mear te krijen.
Der binne ek wol oare
bylden, sprekkend fan net sa fideel
as dochters fan skjin wetter:
‘Wolkom yn ús gol bordeel,
’t is goed om manlju te bekoaren.’
* Sandro Botticelli (1445-1510)
Skilderij ‘Primavera’(detail)
februari 14, 2019
fan Peter J. Sterkenburg*
In pearel kin net klearder skine
as in weach by moanneljocht;
wêr op ’e wrâld de wyn ek twirret,
’t is de geast dy’t dynjen docht.
De fisker kin de bút wol fine,
slacht it plak op yn de geast,
dy’t jierren boppe wetter komme
lit, want fan it fiskjen learst.
Gjin fisker lit op see him bine
troch de kabel fan in oar,
hy fielt him op it wiet ferromme,
folget jûns it moannespoar…
… nei ’t strân, dêr’t kalm leit syn ferline
as it jonkje fan syn heit,
it is de geast dy’t iepenbierret
wat is fiksje en wat feit.
* Peter J. Sterkenburg (1955-2000)
Skilderij ‘Pearl River Delta nocturne’
Skilderij ‘Fiskersskippen by folle moanne’