februari 17, 2019
fan ûnbekend*
‘Lit Halley mar syn gong gean,’
waard der sein, ‘hy hat in knappe kop
en wit de tiid fan de komeet,
nimt fan syn gong de baan ek op.’
De tiid is seisensantich
jier, dan komt er by de ierde wer,
foar astronomen is ’t in weet,
de leek besjocht him as in stjer.
De stjer fan Betlehem, sa
hie de astrolooch it foar ’t ferstân,
de wizen koene gjin komeet,
sy reizgen nei it bertelân.
De minske** waard net wizer,
wie benaud, want yn de sturt siet gif,
wat brocht de hiele wrâld yn need
en alle libben rekke wif.
Dus kriich it minskdom pillen
tsjin it sturtfenyn fan de komeet.
* De komeet Halley yn 1910
** Yn 1910
februari 16, 2019
fan ûnbekend*
Se seine dat ik dea west ha,
mar dêr wit ik neat fan,
hoe soe ik dat ek witte moatte?
In deadenien kin neat mear sjen,
se seine… it wie stjerrend wier… no sa!
Ik wie nijsgjirrich nei ’t berjocht
fan Paulus oer de Hear,
dy’t opstien wie, as troch in poarte
fan dea nei libben, Paulus koe ’t
moai bringe: fan de neare nacht nei ’t ljocht.
De lampen brânden yn de seal,
it duorre lang, ’t waard waarm,
de eagen koe ’k net iepenhâlde
dêr yn de finsterbank, doe moat
ik fallen wêze, wekker wie ’k mar heal.
Se seine, Paulus kaam derby
en foel op my, ’t kaam klear,
se moasten ’t each op Jezus hâlde,
dat hearde ik, doe koe ’k wer sjen,
it fielde as begûn ik op ’e nij.
* Yllustraasje ‘Paulus jout Eútichus it libben werom’