februari 28, 2019
fan Fritz von Uhde*
Twa maten wiene yn petear,
wylst sy nei har bestimming rûnen
oer hichten, dan der wer by del;
dêrboppe like folle langer
as hjirûnder… kamen sy wol klear?
Twa wegen as in mooglikheid:
de iene, dêr’t sy neat by wûnen,
rûn sa te sjen úteinlik dea,
de oare like folle koarter,
foar har gefoel wie dat idee in feit.
In reIzger kaam har achterop,
wat sy krekt no bysûnder fûnen
sa tusken op en del yn ’t gea;
hy wiisde harren op it bartsje
oer de stream, sy seagen ’t oer de kop.
Hy stiek ek noch de finger op
nei wolken dy’t dêr krekt sa rûnen
as trije maten, op en del
by ’t krús lâns, koart en dan wer langer,
oant sy kamen by de heechste top.
* Fritz von Uhde (1848-1911)
Skilderij ‘Op wei nei Emmaüs’
februari 27, 2019
fan ûnbekend*
Wês wolkom, Paulus, yn Jeruzalem,
wy binne bliid dat jo hjir binne
mei ’t ferslach dat nei jo reis
net-Joaden Jezus ek al kenne.
Wy jouwe God de eare mei ien stim,
want Joaden kamen ek ta ’t leauwe,
dat jo brochten ús goed nijs;
der binne lykwols guon dy’t kreauwe…
… oer jo ferset tsjin de besnijenis,
net-Joaden hawwe dy net nedich,
dêr’t al earder praat oer wie…
is jo belied wol evenredich?
Wês dêrom, Paulus, wiis: der is neat mis
as jo jo goede wil sjen litte,
wat úteinlik is ús rie…
wy moatte beide kanten mjitte.
Ikoan ‘Jakobus’