Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Teken fan profeet Agabus

Bibelbylden

fan ûnbekend*

As profeet bin ik wol wend
berjochten fan de Geast te krijen,
dat ik bin faak ûnderweis
en meitsje wat ik hear bekend.

‘Paulus wurdt meikoarten bûn,
komt te Jeruzalem yn ’t lijen,
jou in teken op syn reis!’
Dat boadskip hie de Geast my jûn.

Paadwiis makke troch de Geast,
kaam ik by Paulus mei it teken:
’k ha my mei myn mulriem bûn,
’t rekke Paulus net it meast.

As profeet bin ik wol wend
dat minsken hechtsje net oan preken,
dêrom hie ’k in teken jûn,
mar Paulus joech neat om dy hint.

* Yllustraasje ‘Paulus kriget foetboeien’

admin

Charon

Mytebylden

fan José Benlliure*



Tusken ’t ryk fan wa’t noch libbet
en dat fan de djippe dea,
fart Charon minsken nei de oare kant,
syn eigen ein komt nea.

Hades is de baas oer deaden,
hearsket as in god-tiran,
jout Charon opdracht foar in nije klant,
hy is de goede man…

… foar it wurk, de feart oer ’t wetter,
âld en goar, yn smoarge klean,
gedrach en wurden binne navenant…
wa hat it op him stean?

Boppedat is hy noch gjirrich,
freget steefêst in odoal
fan elke deade nei de Hades band,
sa giet er troch foar boal.

Wa ûntkomt, dy’t no noch libbet,
oan de fearman fan de Styx?
Oan diskant minske, oan de oare kant
is hy in skym fan niks.

* José Benlliure ( 1858-1937)
Skilderij ‘De boat fan Charon’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum