Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Skot om ‘e nocht

Lyrysk Deiboek

It skûlskerm hat er rjochtop setten,
dat gjin goes him út ’e fierte sjocht,
want wat er lit of wat er docht,
de jager hat syn eigen wetten.

De guozzen stean op ’t fjild te fretten,
wylst in fjouwertal hâldt wach de wacht
oant alle magen ha de fracht,
de guozzen kenne eigen wetten.

De jager kuert mei skerpe eagen
boppe ’t skerm as wie it in komplot,
de guozzen wachtsje net op ’t skot,
mar fleane op yn fjouwer weagen.

Twa reeën, dy’t de opskuor seagen,
stekke kûgelsfluch de kop omheech;
hoewol’t de magen binne leech,
ha sy de fiere flecht foar eagen.

De jager hat syn eigen wetten,
weaget noch in skot, mar om ’e nocht.

admin

Twain en Haley

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**



Mark Twain en Haley de komeet,
in twaling dy’t hjir kaam en gie;
de skriuwer hie it krekt foarsein
en heakke oan syn wurd de die:
doe’t Haley wer kaam, stoar Mark Twain.

Hy wie de sechde fan sân bern,
mar trije bleauwen derfan oer
doe’t hy noch mar in jonge wie,
hy preau yn ’t libben swiet en soer,
gie troch, hy hie ’t tsjin Haley sein.

De Mississippi wie de stream
dêr’t hy as stoomboatloads op foer,
wat him de ynspiraasje joech
foar reizen hiel de ierde oer,
syn wurden streamden út ’e die.

De wurden kamen op papier:
Tom Sawyer, Huckleberry Finn
hat hy in spannend libben jûn;
syn eigen hie in min ferrin
op ’t lêst: de trystens dy’t swier woech.

Doe’t Haley wer syn sielsmaat fûn,
hat Twain oan him syn siken jûn.

* Foto ‘Mark Twain’
** Omslach “The adventures of Tom Sawyer’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum