februari 18, 2019
Hy klom net by de tûken op
om ’t heechste stânplak te berikken,
want syn wjukken brochten him teplak
om nei wat op syn rûte leit te sjen…
’t foarútsicht lit him kicke.
De skipper drukte op in knop
om op syn sitplak te berikken
dat er útsicht hat en hâlde kin
de krekte koers nei syn bestimming ta…
’t foarútsicht nei ’t beskikken.
Beskikke of yn frijheid op
de heechste top de kop te draaien,
út te sjen nei wêr’t in gaadlik plak
is om in slach te slaan, want sa te sjen
hat hy hjoed neat te kleien.
februari 17, 2019
fan ûnbekend*
‘Lit Halley mar syn gong gean,’
waard der sein, ‘hy hat in knappe kop
en wit de tiid fan de komeet,
nimt fan syn gong de baan ek op.’
De tiid is seisensantich
jier, dan komt er by de ierde wer,
foar astronomen is ’t in weet,
de leek besjocht him as in stjer.
De stjer fan Betlehem, sa
hie de astrolooch it foar ’t ferstân,
de wizen koene gjin komeet,
sy reizgen nei it bertelân.
De minske** waard net wizer,
wie benaud, want yn de sturt siet gif,
wat brocht de hiele wrâld yn need
en alle libben rekke wif.
Dus kriich it minskdom pillen
tsjin it sturtfenyn fan de komeet.
* De komeet Halley yn 1910
** Yn 1910