maart 1, 2019
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Katana op Sisilië,
dêr hearske rjocht en oarder
neffens ’t wetboek fan Charondas
op grûn fan it morele liederskip,
gjin boarger dy’t oars doarde.
Gjin dolken yn it folksberie,
it wapen is de mûle
neffens ’t wetboek fan Charondas,
sa hold er op opfleaners fêste grip,
gjin bloed om oer te gûlen.
It needlot trof him yn it hert,
hy soe him raar fersinne
mei in wapen oan syn mulriem
yn it folksberie: ’t swurd troch ’t eigen wurd,
sa gie er bliedend hinne.
* Byld ‘Charondas’
** Yllustraasje ‘De selsmoard fan Charondas’
februari 28, 2019
fan Fritz von Uhde*
Twa maten wiene yn petear,
wylst sy nei har bestimming rûnen
oer hichten, dan der wer by del;
dêrboppe like folle langer
as hjirûnder… kamen sy wol klear?
Twa wegen as in mooglikheid:
de iene, dêr’t sy neat by wûnen,
rûn sa te sjen úteinlik dea,
de oare like folle koarter,
foar har gefoel wie dat idee in feit.
In reIzger kaam har achterop,
wat sy krekt no bysûnder fûnen
sa tusken op en del yn ’t gea;
hy wiisde harren op it bartsje
oer de stream, sy seagen ’t oer de kop.
Hy stiek ek noch de finger op
nei wolken dy’t dêr krekt sa rûnen
as trije maten, op en del
by ’t krús lâns, koart en dan wer langer,
oant sy kamen by de heechste top.
* Fritz von Uhde (1848-1911)
Skilderij ‘Op wei nei Emmaüs’