februari 22, 2019
fan José Benlliure*
Tusken ’t ryk fan wa’t noch libbet
en dat fan de djippe dea,
fart Charon minsken nei de oare kant,
syn eigen ein komt nea.
Hades is de baas oer deaden,
hearsket as in god-tiran,
jout Charon opdracht foar in nije klant,
hy is de goede man…
… foar it wurk, de feart oer ’t wetter,
âld en goar, yn smoarge klean,
gedrach en wurden binne navenant…
wa hat it op him stean?
Boppedat is hy noch gjirrich,
freget steefêst in odoal
fan elke deade nei de Hades band,
sa giet er troch foar boal.
Wa ûntkomt, dy’t no noch libbet,
oan de fearman fan de Styx?
Oan diskant minske, oan de oare kant
is hy in skym fan niks.
* José Benlliure ( 1858-1937)
Skilderij ‘De boat fan Charon’
februari 21, 2019
fan Carl Holsoe*
fan Carl Larsson**
De spegels litte stilte hearre,
wylst de iene spegelet har rêch,
de oare inkeld dize
yn in romte kil en keal,
sy wiene lang tegearre.
Troch stilte is har geast ferromme,
iepen ek foar wat te wachtsjen stiet,
de spegels sille ’t wize;
hjoed is ’t inkeld in ferhaal,
mar moarn kin alles komme.
Sy lit har amper sjen, wol hearre
mei de klanken fan it ynstrumint,
dy’t nei de hichte rize
fan de romte as in seal
foar har en ’t lûd tegearre.
* Carl Holsoe (1863-1935)
Skilderij ‘Dame yn in ynterieur’
* Carl Larsson (1853-1919)
Skilderij ‘Brita oan de piano’