Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Gjin sletten saak

Bibelbylden

fan ûnbekend*



As hegepryster sprek ik rjocht
op grûn fan joadske wetten,
dat sa’n rjochtspraak giet net om ’e nocht,
yn earnst moat ik in útspraak dwaan
oer wat resint ferkeard gien is,
foar my is dêr de saak mei sletten.

As hegepryster wie ik poer
op ien dy’t him fersette,
my doe útskold… wa kin dêr no oer?
Ik liet him earst troch oaren slaan,
dy Paulus wie fansels wol mis,
hy wie ’t fatsoen foargoed fergetten.

It rûn op strideraasje út,
hy wie in Fariseeër,
wie oer dea en libben resolút:
God soe nei ’t stjerren ’t libben jaan
oan wa’t, as my, rjochtfeardich is,
sa leaude net de Sadduseeër.

It lei him oan de kolonel
dat ik de saak net slute
koe, dy Paulus kaam wer yn de sel.

* Yllustraasje ‘De Hege Rie’

admin

Cicero

Mytebylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**



Hoefolle kin in minske ha
om rjocht oerein te bliuwen
fan it sintrum oer de grins?
Hy kin ’t net mei de mûle rêde
as er libbet tusken liuwen.

As mantsje út it sljochte folk
koe hy him aardich rêde
mei ’t wurd en oer de grins
fan Grikelân; as mûlryp reedner
hat er faak de striid delbêde.

Hy kaam werom, de stêd hat him
de polityk ynlutsen,
dy’t moreel gie oer de grins:
in wikseling fan macht en ûnmacht,
ûndertusken waard der stutsen.

Yntriges, ballingskip en moard,
foar him wie gjin ûntkommen,
Cicero kriich amper lins;
syn holle wie net mear te rêden,
dat de mûle wie ferstomme.

* Byld ‘Cicero’
** Yllustraasje ‘De ein fan Cicero’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum