maart 2, 2019
fan ûnbekend*
Ik hie him oansjoen foar in terrorist,
de lieder fan wol fjouwertûzen
striders út Egypte wei,
mar sels in kolonel út Rome mist
somtiids krusjale ynformaasje.
It skeelde neat of ’t mantsje hie der west,
sa neatich wie er tusken tûzen
Joaden, dy’t yn ’t wylde wei
him sloegen, want sa hiene se de pest
oan him; de opskuor rôp om faasje.
Myn mannen ha it mantsje rap ûntset
en moasten him sels fierder drage
nei’t er yn de boeien slein
wie, want ik moast my hâlde oan de wet,
mar ’t rûn úteinlik út op graasje.
It wie in Joad, sels boarger fan ús ryk,
dus moast ik yngean op syn fragen,
ha him fan ’t arrest ûntslein;
hy woe in taspraak hâlde, dat fersyk
ha ’k tastien sûnder argewaasje.
* Yllustraasje ‘Paulus hâldt in taspraak yn Jeruzalem’
maart 1, 2019
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Katana op Sisilië,
dêr hearske rjocht en oarder
neffens ’t wetboek fan Charondas
op grûn fan it morele liederskip,
gjin boarger dy’t oars doarde.
Gjin dolken yn it folksberie,
it wapen is de mûle
neffens ’t wetboek fan Charondas,
sa hold er op opfleaners fêste grip,
gjin bloed om oer te gûlen.
It needlot trof him yn it hert,
hy soe him raar fersinne
mei in wapen oan syn mulriem
yn it folksberie: ’t swurd troch ’t eigen wurd,
sa gie er bliedend hinne.
* Byld ‘Charondas’
** Yllustraasje ‘De selsmoard fan Charondas’