maart 17, 2019
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
In man fan wyld op aventoer
woe fleanend alles leare,
leaver as yn ’t skoalrezjym;
hy jage earst de wegen oer
mei pryster Smyth, as katolyk
hat dy de Hear mei faasje eare.
Mar Burton Ely woe omheech
nei ’t skodzjen fan de ierde
yn San Fransisko, want de kym
op ’t grûnflak waard him fierste leech;
de loft wie oan de dyk gelyk,
sa tocht er, ’t lot soe him wol liede.
Noch altyd wyld op aventoer
woe hy mei de marine
oparbeidzje foar in stunt;
op ’t dek delkomme wie in toer,
der kaam foar him gjin oar ûntwyk,
dus soed er dêr it loklot fine.
Foar Ely sloech it needlot ta
op ’t grûnflak fan de ierde:
mei in dûkflecht nei de crash,
syn nekke koe sa’n klap net ha,
it lichem waard al gau ta lyk,
gjin pryster koe noch útkomst biede.
* Foto ‘Ely yn syn fleanmasine’
** Foto ‘Ely komt del op USS Pennsylvania’
maart 16, 2019
fan ûnbekend*
As ruter kin ’k der sittend komme,
mar wat in drokte om ien man,
dy’t middenyn de nacht
nei Cesaréa moat
mei ús as legermacht
fan fjouwerhûndertsantich man.
Ik hâld wol fan in aventoerke,
mar neffens my is ’t wat oerdreaun
foar mar dy iene Joad,
dy’t nei hear Felix moat
as gie it om in moard;
’k moat sizze, wie hy by ús bleaun…
… wa wit, waard hy dan sels fermoarde
troch ’t eigen folk, dus is dy kâns
ek middenyn de nacht
nei Cesaréa ta;
sa jouwe wy jûn acht
mei santich ruters, dus mear mânsk.
* Yllustraasje ‘Romeinske ruter’