maart 14, 2019
fan Paul Cézanne*
Dêr sitsto dan ,myn soan,
no droegen troch de earm
fan pakes brune stoel;
om’tst net woest dat ik dy draach,
sitst as in kroanprins op ’e troan.
Do stiest faak yn in skrift,
te flechtich foar op doek,
dan mar in skets mei potlead,
witst… ik tekene dy graach,
mar letter spile op de drift.
Dy dreau my fan dy ôf
en nei de fierte ta,
ik koe net sûnder kleuren,
mar it wie foar my de fraach:
brocht ik mysels dêrtroch yn ’t nau?
No draachsto my, myn soan,
promoasje fan myn keunst,
dêrmei gean ik de wrâld oer;
wylst ik thúsbliuw, âld en traach,
setsto my op ’e keningstroan.
* Paul Cézanne (1838-1906)
Skilderij ‘Soan fan de skilder’
Skilderij ‘Selsportret’
maart 13, 2019
fan ûnbekend*
Gjin minske mei ’t noch witte
dat ik omke Paulus rêden ha,
nee, ik bin net in held,
tafallich hearde ik fan it komplot
en dat ha ’k oan de kolonel ferteld.
Ik hearde manlju swarren
dat gjin hap kaam harren troch de kiel
foar ’t omke deade wie;
dat rekke my yn ’t hert, want lei syn lot
net yn myn hannen? Dêrom ta de die!
Dus gie ’k nei de kazerne,
dêr’t ik omke op ’e hichte brocht
fan wat der komme koe;
hy wie my tankber, tocht nei oer ’t komplot,
joech rie oer wat ik dwaan en sizze soe.
Ik wol wol earlik wêze
dat ik trille by de kolonel,
dy naam my by de hân
en sei: ‘Dyn omke Paulus leaut yn God,
mar wit, syn libben bliuwt troch my yn stân.’
* Yllustraasje ‘Paulus en syn omkesizzer’